PARSEBERJOCHT 12-11-2018 IT KIN NET.

De stichting European Language Rights hat krekt syn
“It Kin Net”-kampanje lansearre. Doel fan dy kampanje is om it publyk te wizen op de űnoantaastbere rjochten fan de nasjonale minderheid op it hawwen fan in eigen identiteit.

 

Nederlân hat him, troch de ratifikaasje fan it ferdrach fan Straatsburg oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden, ferplichte om alle omstannichheden te befoarderjen dy’t de węzentlike eleminten fan de Fryske identiteit – lykas godstsjinst, taal, tradysjes en kultureel erfgoed – bewarje.

           Juridysk sjoen wurdt de Fryske minderheid beskerme tsjin kultureel kolonialisme, twongen assimilaasje, etnyske diskriminaasje en taalrasisme. Nederlân hat boppedat ek it
Europeeske Hânfęst fan regionale talen ratifisearre; dat ferdrach waarboarget ek it frije gebrűk fan de regionale Fryske taal en moediget dat gebrűk oan.

 

It gelikensensbegjinsel is der ommers ek foar Friezen.

 

Stg. European Language Rights   Amsterdam 12-11-2018

 

Op freed 9 novimber sil de rjochtbank him útsprekke yn de saak fan de ‘blokkearfriezen’. Yn dy saak wurde etnyske Friezen troch it Iepenbier Ministearje betichte fan it blokkearjen fan in sneldyk en fan stokeljen. It liket derop dat it OM yn dizze saak net genôch omtinken jűn hat oan it feit dat Nederlân him troch de ratifikaasje fan it ferdrach fan Straatsburg oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden ferplichte hat om alle omstannichheden te befoarderjen dy’t de węzentlike eleminten fan de Fryske identiteit, lykas godstsjinst, taal, tradysjes en kultureel erfgoed, bewarje.

Just nei oanlieding fan it etnyske fiasko yn Joegoslavië is it ferdrach fan Straatsburg út 1995 foar it beskermjen fan de nasjonale minderheden ta stân kommen. Dat ferdrach beskermet dus net allinnich de rjochten fan etnyske Albanezen yn Servië en Masedoanië, etnyske Hongaren yn Transsylvanië en Slowakije of Katalanen yn Spanje en Frankryk , mar ek dy fan etnyske Friezen yn Nederlân.

Juridysk sjoen wurdt de Fryske minderheid beskerme tsjin kultureel kolonialisme, twongen assimilaasje, etnyske diskriminaasje en taalrasisme. Nederlân hat boppedat ek it Europeesk Hânfęst fan regionale talen ratifisearre, dat ferdrach stiet ek garant foar it frije gebrűk fan de regionale Fryske taal en moediget dat gebrűk oan.

It Sinteklaasfeest makket krekt as it praten fan de Fryske taal űnskiedber diel út fan de Fryske identiteit. Sa die de haadfertochte har oprop yn it Frysk. Yn dy oprop wiisde se op it skeinen fan de rjochten fan bern wannear’t sy net űnbehindere dy folkstradysje fiere kinne soenen.

Yn dizze saak wurdt alderearst it gelikensensbegjinsel geweld oandien. Net allinnich steane de easke straffen op nasjonaal nivo op foet fan űngelikensens mei fergelykbere feiten, der is boppedat ek sprake fan űngelikensens yn ynternasjonaal ferbân. Hoe soe ús minister fan bűtenlânske saken reagearje wannear’t troch in buskonfoai fan nasjonalisten op de Balkan in iuwenâld religieus folksfeest fan in nasjonale minderheid fersteurd wurde soe? Der bestiet gjin rjocht om in iuwenâlde folkstradysje te bedjerren dy’t beskerme wurdt troch it ferdrach fan Straatsburg.

Dęrneist is it Frysk de twadde rykstaal sűnt de foarfallen om Kneppelfreed hinne, wat net bliken docht út de ientalige ynformaasjefilm fan it Iepenbier Ministearje. Boppedat misse der by de rjochtbank symboalen fan etnyske gelikensens tusken Nederlanners en Friezen, sa as twatalige buorden en stimpels. Us stichting is ferbjustere troch de útlittingen fan Nederlânske sjoernalisten, dy’t it sa bűnt makken dat se yn it iepenbier it rjocht op it brűken fan de Fryske taal yn it strafrjocht űntkenden.

 Dy arrogânsje en minachting tsjinoer de taalrjochten fan de Friezen giet tebek op doe’t Fryske boeren yn 1948 beboete waarden foar it brűken fan de wurden “Molke” en “Sűpe” op de molkkannen. En dat wylst de posysje fan it Frysk no al soarchlik is. Hoewol’t it wol de twadde rykstaal is, stiet der gjin wurd Frysk yn it Nederlânske paspoart, in flagrante skeining fan artikel 1 fan de Grűnwet – ommers, ‘Keninkryk der Nederlannen’ stiet wol yn it Estlânsk yn it paspoart, wylst dat in taal is dy’t troch noch gjin 0,2% fan de befolking fan de Europeeske Uny praten wurdt.

Ek plysjeweinen en plysjeunifoarms binne ientalich yn Fryslân, en der steane sels gjin Frysktalige buorden op ’e gevel fan de rjochtbank. Ek brűkt de rjochtbank gjin twatalige stimpels. It is dus mar de fraach yn hoefier’t de ‘blokkearfriezen’ yn dit gefal in earlik proses hân hawwe.

 

 Drs. G. Landman Stichting European Language Rights Amsterdam

 

 

 

It Gelikensensbegjinsel jildt ek foar Etnyske Friezen.